In Skym Yn It Tsjuster

5 views

Lyrics

De skimer ferrint yn tsjuster
 Sille giet de stins al yn mei it bier
 It momint is dêr, yn it tsjuster sil er slûpe
 Hadagrim syn taak is swier
 Fryslân hat ferlet fan in nije kening
 Aldgillis, dyn tiid hat west
 Gean it libben út, âlde strampel
 Do bist ús no ta lêst
 In skym yn it tsjuster
 Mei it knyft en de krûden yn syn hannen
 Komt er by de kanne en flústert 'tsjoch'
 Dwyl, yn 't swit mar grutsk op syn die
 Want Aldgillis komt de nacht net troch
 Drink Aldgillis
 Dyn lêste slok, dyn lêste kear
 Dyn lêste azem en dan bist net mear
 De Walkearigen nimme dy mei
 En yn it Walhalla dêr bisto frij
 Yn de dea bisto mei ús besibbe
 Dyn bruorren, dyn susters, dyn folk!
 In skym yn it tsjuster

Audio Features

Song Details

Duration
04:52
Key
2
Tempo
178 BPM

Share

More Songs by Baldrs Draumar

Albums by Baldrs Draumar

Similar Songs