Yn 'e Meahal

6 views

Lyrics

Werom komt út it Denelân,
 Rêdbâd kening In sterke bân
 smeiend tusken twa grutte folken
 Friezen en Denen hân yn hân
 Hadagrim en Rêdbâd! Yn 'e Meahal
 De harpe waard poend, de skald song dy jûn
 Fier droech it lûd fan it gloarjeryk oer it wetter
 Lûd waard der praat, ferhalen oer Rêdbâd
 En Hadagrim, syn stalke, droegen fier oer it wetter
 Sterk en machtich is it Denefolk
 De sibbe fan Snoade Henrik wol
 ús leare te fjochtsjen as wylde swinen
 en poddestuollen foar de striid te slinen
 Hadagrim en Rêdbâd Yn 'e Meahal
 De harpe waard poend, de skald song dy jûn
 Fier droech it lûd fan it gloarjeryk oer it wetter
 Lûd waard der praat, ferhalen oer Rêdbâd
 En Hadagrim, syn stalke, droegen fier oer it wetter
 Bloed spat yn it rûn
 It streamt oer de grûn
 Foarop yn 'e striid
 Har dieden binne swiid
 Mei't swurd yn 'e hân
 Foar Fryslân
 Ik spjalt har de kop
 wylst ik rop: foar Fryslân
 Bors de reus is geef en grut
 en fjochtet mei in untsachlik swurd
 Mar sûnder eangst rint Rêdbâd op him ta
 en ferslacht de reus, foar Wêda!
 Hadagrim en Rêdbâd
 Yn 'e Meahal!
 

Audio Features

Song Details

Duration
05:03
Key
8
Tempo
99 BPM

Share

More Songs by Baldrs Draumar

Albums by Baldrs Draumar

Similar Songs