Wolvetiid

6 views

Lyrics

In jonkje wurdt in strider, Rêdbâd's tiid brekt oan
 De learling ferslacht syn master hy fjochtet mei ferstân
 In strider is der wurden, syn swurd slacht nea mear mis
 Hy sil syn folk goed liede, as er letter kening is
 Hûnen en wriggerts stoarmje de seal rûch yn
 Itensreau en banken saaie oer de flier
 It bloed befriest en stjurret my yn de ieren
 Dreamen oer de wolvetiid wurde wier
 RÊDBÂD!
 Keningssoan yn 'e wolvetiid
 Gjin bern mear mar klear om te fjochtsjen
 Dit is foar ús eare, en ús heitelân
 Myn swurd is myn maat, de striid is myn paad
 Refrein
 Ferbjustere rin ik op 'e beammen ta
 De woestelingen ride foarop
 Ûnder de tsjoen fan Wêda binne hja
 Mei in tichte sek oer myn kop
 Wolvetiid! Liken yn 'e beam
 Wolvetiid! Wurklikheid as dream
 Wolvetiid! Hast klear foar de troan
 Wolvetiid! Foar de keningssoan
 Rinne mei de wolven, jeie troch bosk en fjild
 Fjochtsje mei de swinen, sline fan it wyld
 Krêftich as in wolvesoan yn 'e wolvetiid
 Fjochtsje wy as wolvebruorren ús eigen wolvestriid
 RÊDBÂD!
 Refrein
 Wolvetiid! Strûpe om 'e strôt
 Wolvetiid! Hingjend yn it wâld
 Wolvetiid! Folger komt foar my
 Wolvetiid! Ieneach makket frij

Audio Features

Song Details

Duration
06:12
Tempo
180 BPM

Share

More Songs by Baldrs Draumar

Albums by Baldrs Draumar

Similar Songs