Ûnder It Skyld

6 views

Lyrics

Hy wie de kening fan it moaiste lân fan de ierde
 Syn namme waard bejúbele fier yn it rûn
 Skalden sille sjonge oer syn grutte dieden
 En fertelle oan it neiteam fan dat sterk ferbûn
 Tusken goaden en kening, heiten en soannen
 Eltsenien dy't grutsk is en Fries yn it hert
 Seeën en greiden, bosken en strannen
 Op ús Fryske boaiem bin wy yn ús ferset
 Koppen hat er tegrúze
 Folken hat er op 'e knibbels twongen
 Frjemdfolk wist er te kearen
 Syn namme is ferneamd en syn dieden besongen
 Syn fjoer baant yn ús hert
 En yn jim allen lang om let
 Syn krêft yn't libben en de dea
 Ferlit ús tinzen nimmer mear
 Rêdbâd Aldgillissoan
 Leit no bedobbe en ûnder 't skyld
 Rêdbâd Aldgillissoan
 Yn ús hert en yn ús siel
 Do libbest, do libbest, yn ús en yn ús bêrn
 It libbet, dyn erfskip, it giet nea ferlern
 Ik sis Rêdbâd mei hân op myn hert
 Rêdbâd, myn kening, oant 'e dei dat ik stjer

Audio Features

Song Details

Duration
08:30
Key
7
Tempo
114 BPM

Share

More Songs by Baldrs Draumar

Albums by Baldrs Draumar

Similar Songs