By Ty En Thuner

5 views

Lyrics

Glânzjend stiel, smeid yn 'e twiljocht fan 'e tiid
 In swurd mei namme, wiid en swiid ferneamd
 Asbrân Frankenkleauwer, toarstich nei de striid
 In reade glâns, it gânse fjild is mei Frankenbloed oerstreamd
 Ik swar jim, mei dit stiel behâld ik Fryske grûn
 Ty en Thuner!
 Myn swurd stel ik yn tsjinst fan 'e Goaden,
 Ty en Thuner!
 Fryslân easket syn rjocht op mei slachark yn 'e hân
 De ferdigener fan it Fryske folk en ús âldfaars lân,
 Rint foarop, is sûnder eangst, de lieder fan it kloft
 Ravens bin rûnom him en folgje yn 'e loft
 It blêd skynt read yn it ljocht fan 'e ûndergeande sinne
 It heft is waarm en berûn mei de fijans triennen
 Asbrân machtich wapen, tsjinstfeint fan 'e Goaden
 Ty en Thuner, Nertha en Wêda, jim bin ús ta geunst
 Rint foarop, is sûnder eangst, de lieder fan it kloft
 Ty en Thuner
 Ravens bin rûnom him en folgje yn 'e loft
 Ty en Thuner
 Asbrân toarstich nei de striid
 Ty en Thuner
 

Audio Features

Song Details

Duration
03:58
Key
1
Tempo
129 BPM

Share

More Songs by Baldrs Draumar

Albums by Baldrs Draumar

Similar Songs